Ferslach jubileumparty bern

Mei de jubileumpartij hiene wy in moaie start: gebak mei limonade! Dizze dei koe net mear stikken en mei it liif fol oranjekoeke wie it best keatsen! Omdat de leden fan it JK fan JK ek ferplichtingen hiene op it fjild, moasten wy in goede spullieder sykje, gelokkich wie dêr Jan-Watze Wiersma! Betanke dast it fan ús oernimme koest!

Wy keatsten yn 2 klassen: de kabouters en de welpen-pupillen. By de kabouters waard d´r poultsje keatst, úteinlik gie de finale tusken it partoer fan Hidde Wiersma en Rudmer Heddema tsjin Brent Tinga en Hedzer Seffinga. De 1e priis wie foar Brent en Hedzer, de 2e priis foar Hidde en Rudmer en de 3e priis wie foar Tjitte Reitsma en Andries Geertsma. By de welpen-pupillen stienen d´r 6 partoeren op papier, de finale partij gong tusken Jeen Arendz en Jolmer Terpstra (3) tsjin Thom Paternotte en Hendrik Wiedijk (5). Om de 3e of neat gie it tusken it partoer fan Jente-Sjoerd Seffinga en Jente Heddema (1) en it partoer fan Jouke Wiersma en Rutger Mulder(6) . De 1e priis wie foar Thom en Hendrik, de 2e priis wie foar Jeen en Jolmer en mei de 3e priis giene Jouke en Rutger nei hûs. Al mei al in slagge dei, mei in bytsje rein en in protte sinneskyn! Nammens it JK fan JK, Nynke Wiedijk-Gierman

Geplaatst op 03 July 2013